Ynformaasje

Wannear’t in foarstelling net trochgiet, wurdt dat dyselde jûns tusken 18.00 en 19.00 oere bekend makke op dizze webside en op Facebook. De kaarten binne dan jildich op de reservejûn.

Mei dit waar fan’e ôfrûne dagen is it ferstandich om learzen oan te dwaan nei it Baarderbuorrenbosk. In reinjas/poncho en in plastic taske (kessen yn in plastic taske) om op te sitten is ek oan te rieden.
Sa as jo witte, ha we leaver gjin paraplu’s op ‘e tribune.

De E-tickets ha jo fia de mail kriigen, it kin wéze dat se yn’e spam-box telâne kommen binne. Dizze wurdt automatisk leeche… Dan kin jo ek altiid binnen komme mei it betalingsbewiis (yn ‘e mail) en jo namme stiet ek op ‘e gastenlist.

Parkere kin yn it doarp (van Camminghaweg) en láns de Baarderbuorrendyk (oanriide fanút it doarp) de boarden oan ‘e dyk en de parkeer-crew wiize jim te plak.

De haadpriis fan’e lotterij wurdt de létste jûn bekend makke, dus bewarje jo lotten goed oant 23 septimber. En háld de website en Facebook in’e gaten foar de útslag.
It winnende lot is roze 23 de winnaar hat úndertusken berjocht hân fia Facebook.

Woansdei 13 septimber:
Yn ferbân mei de stoarm hjoed, kin de foarstelling jûn net trochgean.
De reservejûn is woansdei 20 septimber.

Tongersdei 14 septimber:
Premjêre om 20:30 oere!!

Freed 15 septimber:
Helaas kin dizze foarstelling fan Omke Henk net troch gean om it waar.
De reservejûn is op snein 17 septimber.

Sneon 16 septimber:
Foarstelling om 20:30 oere.

Snein 17 septimber:
Reservejûn, foarstelling om 20:30 oere.

Tiisdei 19 septimber:
Foarstelling om 20:30 oere.

Woansdei 20 septimber:
Foarstelling om 20:30 oere.

Freed 22 septimber:
Foarstelling om 20:30 oere.

Sneon 23 septimber:
Foarstelling om 20:30 oere.
(Incl. lotterij ùtslag: haadpriis. In portret makke troch keunstner Louis Hagen)