Skiednis

“Stichting Teater Selskip Arum” is yn novimber 1989 oprjochte ûnder de namme “Revu Selskip Arum”.
Doe as doel ien kear yn ‘e trije jier in revu op te fieren mei de Arumer merke.

De stikken waarden troch de jierren hinne hieltyd better en profesjoneler.
It selskip waard dan ek geregeld frege om bûten Arum te spyljen.

Mei in nije generaasje betinkers, skriuwers en profesjoneel ljocht- en lûdtechnyken, wurde de stikken hieltyd moderner.
Dit wie ek in reden om yn 2003 de ferieningsnamme om te doopjen yn “Teater Selskip Arum”.

Yn 2007 is it “Stichting Teater Selskip Arum” wurden.