Omke Henk, mei mooglik makke troch….

Yn 2014 bestie Stifting Teater Selskip Arum 25 jier! Dit jubileum ha we mei alle teaterleafhawwers út Arum en omkriten fiert, mei ús earste iepenloftspul. It teaterstik “Langst” wie in grut sukses en waard “bejubeld” troch spilers,besikers en recensenten. Dit projekt wie net mooglik west sûnder de finansjele stipe fan ús donateurs, sponsoren en subsydzjes.

De ûnderfining rûnom “Langst” smakket nei mear en derom wol Stifting Teater Selskip Arum op’e nij in iepenloftspul opfiere yn it Baarderbuorrenbosk yn Arum.

It stik “Omke Henk” is in misdied-komeedzje wer yn in ‘leugentje om bestwil’ bysûndere gefolgen hat.

Tom, de sympatyke, sintrale figuer, is in jongfeint sûnder plan mar wol mei in flotte babbel. It libben oerkomt him. Hy hat gjin idee wat hij wol en hat derom mar keazen foar in rjochtenstúdzje.
As Tom op in jûn yn in tsjustere tunnel oanfallen wurd troch in binde strjitjongens, ropt hy út selsferdigening dat topkrimineel Henk de Koning syn omke is. Op dat stuit in slimme set, want de binde lit him gean. Mar at Henk de Koning, himselts de folgjende dei op’e stoepe stiet, krijt Tom spyt ……

It stik lit de taskôger tsjûge wêze fan de ûnberekkenbere Omke Henk en de opdracht dy’t Tom foar him útfiere moat, om syn frijheid werom te fertsjinjen.

Sneu genôch wurd it úfieren fan‘e opdrachten him swier makke troch arrogante sakenmannen, corrupte plysjemannen, demente bejaarden en hitsige ferpleechsters.
Koartsein: in resept foar in jûn fol spannende, emosjonele en hilaryske mominten.

Om de organisaasje en útfiering fan “Omke Henk” mooglik  te meitsjen, bin’ we ôfhinklik fan subsydzjes, sponsoren en frijwillige donateurs.

Om die reden sil Stifting Teater Selskip Arum de kommende wiken by jo oan’e doar komme, mei it fersyk om in frijwillige donaasje. Welke jefte it bêste by jo past, litte we oan jo oer.

Ut namme fan spilers, musykanten, frijwilligers en it bestjoer alfêst tige tank en oan’t sjen!!