Reade Wyn 2010

Op kastiel ’Hangselot’ regeert kening Ane.
In machtige kening dy’t alles al berikt hat wat er heartiids foar eagen hie.
Dochs is er net lokkich en dat makket him oergeunstich.
Eltsenien moat it ûntjilde. Meinamme syn frou en dochter.
Sels de hofdames dy’t oeral mei de neus op en yn sitte.

It ienichste wer’t hy fan genietsje kin, is in goed glês reade wyn.
Mar dat wurdt him troch eltsenien ûntnommen.
Hy ropt de help yn fan syn riidsman Pias.
Hoe sil dit útpakke?!

Dan binne der noch de ridders dy’t harren dwaande hâlde mei oare saken, sa as it ferslaan fan de draak.
Derby krije se help fan in ’út-send’-ridder.
In ridder dy’t eltsenien de eagen docht knipperjen.
Sa ek in muoike en biskop dy’t út ûnferwachte hoeke komme…

In ferrassend keninklik ferhaal mei ôfwikseljend musyk fan in keninklike band.

Dit alles mei moaie kostuums yn in prachtich dekor.

Skriuwer:        Lieuwe Tolsma
Rezjy:               Tjerk Kooistra