Omke Henk 2017

It stik “Omke Henk” is in misdied-komeedzje wer yn in ‘leugentje om bestwil’ bysûndere gefolgen hat.

Tom, de sympatyke, sintrale figuer, is in jongfeint sûnder plan mar wol mei in flotte babbel. It libben oerkomt him. Hy hat gjin idee wat hij wol en hat derom mar keazen foar in rjochtenstúdzje.
As Tom op in jûn yn in tsjustere tunnel oanfallen wurd troch in binde strjitjongens, ropt hy út selsferdigening dat topkrimineel Henk de Koning syn omke is. Op dat stuit in slimme set, want de binde lit him gean. Mar at Henk de Koning, himselts de folgjende dei op’e stoepe stiet, krijt Tom spyt ……

It stik lit de taskôger tsjûge wêze fan de ûnberekkenbere Omke Henk en de opdracht dy’t Tom foar him útfiere moat, om syn frijheid werom te fertsjinjen.

Sneu genôch wurd it úfieren fan‘e opdrachten him swier makke troch arrogante sakenmannen, corrupte plysjemannen, demente bejaarden en hitsige ferpleechsters.
Koartsein: in resept foar in jûn fol spannende, emosjonele en hilaryske mominten.

Skriuwer:  Lieuwe Tolsma
Rezjy:          Romke Gabe Draaijer

Spyldata

  • Tongersdei 14 septimber om 20.30 oere (premjêre)
  • Freed 15 septimber om 20.30 oere
    Snein 17 septimber / Moandei 18 septimber (reserve)
  • Sneon 16 septimber om 20.30 oere
    Ekstra foarstelling
  • Tiisdei 19 septimber om 20.30 oere
    Tongersdei 21 septimber (reserve)
  • Woansdei 20 septimber om 20.30 oere
    Ekstra foarstelling
  • Freed 22 septimber om 20.30 oere
  • Sneon 23 septimber om 20.30 oere
    Snein 24 septimber (reserve)