Langst 2014

Yn it Franske doarpke Lansquenet liket it oft de tiid stilstean bleaun is, oant de knappe, bysûndere frou Vianne mei har dochter yn dit ynsliepte doarp in sûkeladewinkel iepenet. Se wit foar elkenien de favorite smaak sûkelade te meitsjen. De streng leauwige stugge doarpslju smelte foar har. Probleem is lykwols dat it fêstentiid is, de perioade dat elk sa min mooglik ite en drinke moat. De boargemaster sjocht bytsje by bytsje syn macht ferdwinen en giet de striid oan mei de fernijing. Der ûntstiet in hillige oarloch tusken Vianne en de boargemaster, tusken ferline en ferlet, tusken leauwen en priuwen en tusken angst en LANGST.

Iepenloftspul Arum is in inisjatyf fan Teater Selskip Arum dat iens yn de pear jier in revu op it toaniel bringt. Om har jubileum te fieren wol hja in kear in iepenloftspul meitsje yn it ydillyske Baarderbuorrenbosk. LANGST is in produksje fan en troch mei namme minsken út eigen doarp . Inkeld twa spilers, in technyske jongen en wat assistinsje yn de rezjy komme fan bûten. De oaren binne Arumers. Dat makket dizze produksje ta in autentyk Arum-projekt foar elk dy’t it mar sjen wol.

Skriuwer:        Tjerk Kooistra
Rezjy:               Tjerk Kooistra