De Arumer kat 1995

Hûndert jier Willem Westra gean oan jimme foarby.
Yn ien jûn fertelle oer âld en nij.

Wim Beckers, hy skrean it en lei it klear.
In healjier wiene wy der mei elkoar oer gear.

De kat, hy fertelt jim de skiednis fan toen.
Wy sjonge en spylje hoe of’t dy tiid ferrûn.

It keatsbestjoer komt ek no en dan lâns.
Jim sille it hearre, hja wiene wat mânsk.

Arumer fiten, al of net wier.
Mei fantasije, komt in skriuwer faak fier.

De stjerren en strepen fan Teake syn flage.
Komme jûn ek efkes oer de hage.

De reinwettersbak en koaltsjerij.
En Nuvere Lju binne der soms ek by.

Te folle en set it sa op papier.
Wy hawwe it gear stâld mei plesier.

Gean der no dus mar ris breed út foar sitten.
Wy winskje jim in jûn om nea te ferjitten.

Skriuwer:        Wim Beckers
Rezjy:               Tine Tolsma