Tariedings ‘Omke Henk’

De ôfrûne tiid binne d’r al in protte minsken dwaande mei de tariedings foar it iepenloftspul Omke Henk.

We ha begjin dit jier in informatieve gearkomste hân en fanút dêr bin’ de lèsrippetysjes begongen. Nei in skoftke koe d’r al rippeteert wurde yn ‘e loads by Wigle Sinnema. De bouploech wie der al drok dwaande west mei it bouwen fan in skitterjend dekor.

De froulju fan’e rekwisieten, klean en schmink witte wêr at se nei op syk moatte, neidat we in produksjefergadering hân hawwe waard steeds mear dúdlik wat it byld wurde moat.

Ek de musikanten bin’ goed dwaande om de júste snaar te reitsjen qua sfear. En dizze sfear wurd wer fersterke troch de mannen fan ljocht en lûd.

In skoftke lyn is de promo-foto sketten en it PR materiaal kin no ferspraat wurde.

Neist al dizze frijwilligers sil d’r aanst nog mear minsken meihelpe oan Omke Henk om de jûnen fan ‘e útfierings goed ferrinne te litten.

Wat is dat toch moai dat je mei de meiwurking út sa’n lyts doarp, sa’n grut spektakel del sette kinne!

Hjirûnder in impresje fan de tariedings.

Deze diashow vereist JavaScript.

 

Omke Henk, mei mooglik makke troch….

Yn 2014 bestie Stifting Teater Selskip Arum 25 jier! Dit jubileum ha we mei alle teaterleafhawwers út Arum en omkriten fiert, mei ús earste iepenloftspul. It teaterstik “Langst” wie in grut sukses en waard “bejubeld” troch spilers,besikers en recensenten. Dit projekt wie net mooglik west sûnder de finansjele stipe fan ús donateurs, sponsoren en subsydzjes.

Utslag CSA-Awards

Wat ha we in moaie gala jûn hân, de freedtejûn fan’e Arumer merke 2016!
Elkenien wie op chique klaait, waard op de reade loper op ‘e foto setten troch Dual Fotografie, wie beneid nei de buurtfilms en siet yn spanning foar de CSA award útrikking.
Schurer Licht & Geluid naam de technyk foar harren rekken en dat wie by binnenkomst al moai te sjen.
Om healwei njoggenen wie it safier, Ernst en Bonne iependen de jûn in styl.
Elkenien waard wolkom hjitten, de juery (Yldau Bijlsma, Thijs Meester en Chantal van Sluys ôfwezich) waarden foarstelt en we krigen in oersicht fan hoe de jûn rinne soe.
En doe wie it momint wer we allegear op wachtten, it toanen fan alle buurtfilms.
Skitterjende resultaten, sa ferskillend, orizjineel en knap makke. Wer in lyts doarp grut in wêze kin!
Nei in lytse pauze wie it tiid foar de Arumer Sponsorlotterij, moaie prizen binne útrikt.
Mar de wichtigste prizen moasten nog útrikt wurde, de CSA-Awards yn de ferkeidene genres.
Hjirûnder it oersjoch fan’e priiswinners:

“Best use op prop” (it attribuut ‘zonnebrand-crème’)
Grauwe Kat: Crime Passionel

“Best use of Line” (Buorman wat dogge jo no?!)
Noard-West Hoeke: Ferblomde Ferdwiening (Slapstick)

“Best use of Genre”
Sparside: Zonnebrand-crime (Science Fiction)

“Best Editing” (montage)
Baarderbuorren e.o.: Minne’s Wrok (Thriller)

“Best Actor”
Joke Tolsma, Noardwest Hoeke: Ferblomde Ferdwiening (Slapstick)

“Best Movie”
Baarderbuorren e.o.: Minne’s Wrok (Thriller)

En foar de publiekspriis makke de Wetterhoeke it measte lûd, dus sy ha mei harren Wetterdead (Horror) de “Publiekspriis” in ‘e wacht sleept.

Foar de winners lokwinske mei jim fertsjinne award(s)!
De afterparty mei Disco Silver wie een moaie ófsluter fan in skitterende gala-jûn.

Alle films en foto’s kinne jo ek werom fine op de facebookpagina fan Teater Selskip Arum.

Galajûn CSA

TSA is drok dwaande mei de tariedings om fan’e freedtejûn fan ‘e Arumer merke (29 july 2016) in moaie Gala-Jûn te meitsjen, dy’t yn it teken stiet fan award útrikkings.
Alle 6 buurten fan Arum krige de opdracht in film te meitsjen dy’t op dizze jûn toant wurd.
De films stean yn it teken fan C(rime) S(cene) A(rum).
In profesjonele sjuery sil dizze filmkes beoardiele op ferskate ûnderdielen en op de freedtejûn fan ‘e Arumer merke sil de award útrikt wurde.