Ynformaasje

Wannear’t in foarstelling net trochgiet, wurdt dat dyselde jûns tusken 18.00 en 19.00 oere bekend makke op dizze webside en op Facebook.

Iepenloftspullen 2017 Omrop Fryslân

Net yn de kreaze klean op it sêfte plús, mar ûnder in tekkentsje, yn waar en wyn op hurde houten bankjes. Je moatte der wat foar oer hawwe om in iepenloftspul te besjen. Dochs komme der alle jierren wer mear as sechstich tûzen besikers nei it Frysk toaniel yn de iepen loft.

Spesjaal foar dy minsken hat Omrop Fryslân in eigen plakje op de site ynromme. Mei alle ynformaasje oer de iepenloftspullen fan dit jier. Eksklusive filmkes oer it stik, de lokaasje en fansels de hûnderten frijwilligers yn al dy doarpen, dy’t spikerhurd wurkje om de moaiste stikken op de planken te bringen.

Ek nijs, foto’s, filmles, interviews oer “Omke Henk” kin jo hjir werom fyne.

www.omropfryslan.nl/iepenloftspullen2017

Arumer Sponsor Loterij

Op freed 29 july 2016 presentearret Stifting Teater Selskip Arum jo de “Arumer Sponsor Loterij”
De útrikking sil yn‘e feesttinte wêze, tidens de CSA Film Award jûn.
De geweldige prizen binne beskikber stelt troch ferskate Arumer ûndernimmers.

In oersicht:
Dinerbon oanbean troch herberg de Gekroonde Leeuw
Saunabon oanbean troch it Stolphuis
Brûnzen sinnewizer oanbean troch van de Kamp Metaal
Strippenkaart wasstrjitte oanbean troch Autobedrijf Boek
Beauty kennismakingspakketten oanbean troch Nelleke Hilarides
Sjippie Reinigingspakket oanbean troch AK Maritime Service
Voedingsmiddelenpakket oanbean troch de Spar
Beauty fersoarchingspakket oanbean troch Nynke Koopmans’ Wellflame
Kadopakket oanbean troch No3 Gifts & Lifestyle

Fierdere stipe, om de jûn mooglik te meitsjen, is oanbean troch Woninginrichting Huizenga en DSA Express (Gerben Zijlstra)

Hoe komme jo oan lotten?
Meikoarten komme wy by jo oan‘e doar, mar lotten binne ek te krijen fia info@teaterselskiparum.nl en op‘e jûn selts.
(€2,00 per lot, 3 lotten foar €5,00)

De opbringst fan dizze lotterij komt ten goede oan it iepenloftspul 2017.

Iepenloftspul 2017

Yn ‘e simmer fan 2017 bin we fan doel om were in iepenloftspul ten tonele te bringen.
It hat sa goed foldien in 2014, dat de keuze wie snel makke.
De lokaasje wurd wer it Arumer bosk, mar hoe en wat fierder….der moat jo de website foar yn ‘e gaten halde.