Artikelen door Baukje Huizenga

Ynformaasje

Wannear’t in foarstelling net trochgiet, wurdt dat dyselde jûns tusken 18.00 en 19.00 oere bekend makke op dizze webside en op Facebook.

Tariedings ‘Omke Henk’

De ôfrûne tiid binne d’r al in protte minsken dwaande mei de tariedings foar it iepenloftspul Omke Henk. We ha begjin dit jier in informatieve gearkomste hân en fanút dêr bin’ de lèsrippetysjes begongen. Nei in skoftke koe d’r al rippeteert wurde yn ‘e loads by Wigle Sinnema. De bouploech wie der al drok dwaande […]

Iepenloftspullen 2017 Omrop Fryslân

Net yn de kreaze klean op it sêfte plús, mar ûnder in tekkentsje, yn waar en wyn op hurde houten bankjes. Je moatte der wat foar oer hawwe om in iepenloftspul te besjen. Dochs komme der alle jierren wer mear as sechstich tûzen besikers nei it Frysk toaniel yn de iepen loft. Spesjaal foar dy minsken hat Omrop Fryslân […]

Omke Henk, mei mooglik makke troch….

Yn 2014 bestie Stifting Teater Selskip Arum 25 jier! Dit jubileum ha we mei alle teaterleafhawwers út Arum en omkriten fiert, mei ús earste iepenloftspul. It teaterstik “Langst” wie in grut sukses en waard “bejubeld” troch spilers,besikers en recensenten. Dit projekt wie net mooglik west sûnder de finansjele stipe fan ús donateurs, sponsoren en subsydzjes.

Utslag CSA-Awards

Wat ha we in moaie gala jûn hân, de freedtejûn fan’e Arumer merke 2016! Elkenien wie op chique klaait, waard op de reade loper op ‘e foto setten troch Dual Fotografie, wie beneid nei de buurtfilms en siet yn spanning foar de CSA award útrikking. Schurer Licht & Geluid naam de technyk foar harren rekken […]

Arumer Sponsor Loterij

Op freed 29 july 2016 presentearret Stifting Teater Selskip Arum jo de “Arumer Sponsor Loterij” De útrikking sil yn‘e feesttinte wêze, tidens de CSA Film Award jûn. De geweldige prizen binne beskikber stelt troch ferskate Arumer ûndernimmers. In oersicht: Dinerbon oanbean troch herberg de Gekroonde Leeuw Saunabon oanbean troch it Stolphuis Brûnzen sinnewizer oanbean troch […]

Galajûn CSA

TSA is drok dwaande mei de tariedings om fan’e freedtejûn fan ‘e Arumer merke (29 july 2016) in moaie Gala-Jûn te meitsjen, dy’t yn it teken stiet fan award útrikkings. Alle 6 buurten fan Arum krige de opdracht in film te meitsjen dy’t op dizze jûn toant wurd. De films stean yn it teken fan C(rime) […]