Arumer Sponsor Loterij

Op freed 29 july 2016 presentearret Stifting Teater Selskip Arum jo de “Arumer Sponsor Loterij”
De útrikking sil yn‘e feesttinte wêze, tidens de CSA Film Award jûn.
De geweldige prizen binne beskikber stelt troch ferskate Arumer ûndernimmers.

In oersicht:
Dinerbon oanbean troch herberg de Gekroonde Leeuw
Saunabon oanbean troch it Stolphuis
Brûnzen sinnewizer oanbean troch van de Kamp Metaal
Strippenkaart wasstrjitte oanbean troch Autobedrijf Boek
Beauty kennismakingspakketten oanbean troch Nelleke Hilarides
Sjippie Reinigingspakket oanbean troch AK Maritime Service
Voedingsmiddelenpakket oanbean troch de Spar
Beauty fersoarchingspakket oanbean troch Nynke Koopmans’ Wellflame
Kadopakket oanbean troch No3 Gifts & Lifestyle

Fierdere stipe, om de jûn mooglik te meitsjen, is oanbean troch Woninginrichting Huizenga en DSA Express (Gerben Zijlstra)

Hoe komme jo oan lotten?
Meikoarten komme wy by jo oan‘e doar, mar lotten binne ek te krijen fia info@teaterselskiparum.nl en op‘e jûn selts.
(€2,00 per lot, 3 lotten foar €5,00)

De opbringst fan dizze lotterij komt ten goede oan it iepenloftspul 2017.